Blunder PSV, Jong H'fean troch

27 sep 2007 - 12:45

It belofteteam fan SC Hearrenfean is dochs troch nei de twadde ronde fan de striid om de KNVB-beker. De ploech ferlear woansdei mei 3-0 fan PSV, mar PSV is troch it fuotbalbûn KNVB út it toernoai set. Dat komt omdat de klub in spiler opsteld hie dy't net meispylje mocht, omdat er skorst wie. It giet om Manuel da Costa.

Neffens de regels hat PSV de wedstryd ferlern en giet Jong Hearrenfean dus nei de twadde ronde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)