De Vries flaterleas op WK

© Omrop Fryslân
Springruter Hans de Vries fan Gytsjerk hat de earste rubryk op it wrâldkampioenskip foar jonge hynders flaterleas riden. Tegearre mei it hynder Veldheer sprong hy sûnder swierrichheden oer de hindernissen fan 1.20.
As de kombinaasje freed op 'e nij flaterleas rydt, dan pleatst De Vries him foar de finale op snein. It wrâldkampioenskip wurdt ferriden yn it Belgyske Lannaken.