Needopfang Wytmarsum ticht
De needopfang foar asylsikers yn Wytmarsum giet ticht. It sintrum hat in skuld fan sa'n 180.000 euro en kin it net opbringe om fierder te gean.
De ferwachting is dat sa'n 30 asylsikers op strjitte komme te stean. It asylsikerssintrum giet no mei de gemeente Wûnseradiel op syk nei in oplossing foar de 30 asylsikers.