ONS út de beker

ONS waard nei it nimmen fan strafskoppen útskeakele. (foto webside ONS)
ONS Snits is der krekt net yn slagge om de tredde rûnde fan it toernoai om de KNVB beker te heljen. De Snitsers ferlearen nei it nimmen fan strafskoppen fan FC Zwolle.
Nei de reguliere spyltiid stie it 2-2. Yn de ferlinging waard net mear skoard. Yn de strafskoppensearje wie Zwolle krekt wat better as ONS. Mei ien doelpunt ferskil bekerje sy troch.