Spinderdirekteuren wolle troch

26 sep 2007 - 17:37

De âld-direkteuren Kees Venema en Tsjip Spinder fan Spinder Products op de Harkema nimme nei alle gedachten de hannelsaktiviteiten fan it bedriuw oer. It liket derop dat mar in pear minsken by it bedriuw oan it wurk bliuwe kinne.

Spinder makket fytsedragers en meubels. It bedriuw waard ferline wike fallyt ferklearre omdat de skulden te heech wiene. Dêrtroch krigen 75 minsken dien.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)