Kamerabefeiliging yn swimbad

Monitor mei bewakingsbylden yn swimbad Ljouwert
Swimbad de Blauwe Golf yn Ljouwert hat kamerabefeiliging. It is benammen de bedoeling om fandalisme en stellerij tsjin te gean. De ôfrûne jierren waard der in soad stelle út de klúskes.
Yn it swimbad hingje no mei-inoar sechstjin kamera's. Trije dêrfan higje yn it swimbaddiel. De rest hinget by de klaaikeamers en by de klúskes.