Auto yn 'e sleat yn Dokkum

26 sep 2007 - 15:11
  • De auto yn 'e reidkraach (foto: Gijsbert Zijlstra,Radio Noordoost Friesland)

Oan de Zaagmolenstraat yn Dokkum is woansdeitemiddei in auto yn 'e sleat riden. De wein mei deryn twa froulju rekke fan 'e dyk en bleau yn it reid oan 'e wâlskant stykjen. Omt omstanners út de Wettertoerbuert tochten dat de auto yn brân flein wie, waard grut alarm slein.

De dûkers fan de brânwacht hoegden lykwols net yn aksje te kommen. In bergingsbedriuw hat de auto mei ynsittenden út it reit weisleept.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)