Swimbadjild Grou nei fytspaad?

Op de dyk troch it Leechlân ride auto's faak hiel hurd
It Leechlân tusken Grou, Warten en Wergea krijt mooglik dochs in fytspaad. De gemeenteried hat B e W Boarnsterhim frege dêr jild foar frij te meitsjen. It jild soe komme moatte út de reservearing dy't earder dien is foar it nije swimbad. Dêrmei lykje de kânsen foar in dat nije swimbad ôf te nimmen.
De ried praat woansdei fierder oer de ferdieling fan it jild. Oer fjirtjin dagen falt it beslút.