Sylsters op medaljekoers

26 sep 2007 - 12:31

De ynglingsylsters Brechtje van der Werf fan Snits en Marije Kampen fan Starum binne op it EK yn it Dútske Warnemünde opklommen fan it njoggende nei it tredde plak. Mei stjoerfrou Mandy Mulder wûnen se tiisdei in race en einigen se in kear op it twadde plak.

De boat mei de twa Friezinnen Marije Faber fan Snits en Petronella de Jong fan Sint Jabik wûn ek in race, mar bleau op it fiifde plak stean.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)