Brân by wafelbakker yn Hallum

26 sep 2007 - 12:11

Der komt in ûndersyk nei de brân by wafelbakkerij Helwa yn Hallum fan tiisdeitejûn. Dêr ûntstie brân yn koekjeresten yn in ôfsûchynstallaasje boppe in oven. De wie net folle skea, mar de brânwacht moast der wol oan te pas komme.

Personiel fan it fabryk hat it bluswetter fuortendaliks oprêden. De ôfsûchynstallaasje is ek al wer makke, sadat der woansdei al wer bakt wurde koe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)