'Schuitengat moat tagonkliker'

Der moat mear dien wurde oan it iepenhâlden fan de fargeul Schuitengat by Skylge. De gemeenterie hat B en W opdracht jûn dêr by it ministearje en by Rykswettersteat op oan te trunen.
It Schuitengat is de koartste rûte nei it eilân fan Harns ôf. As de fargeul better tagonklik is, hoecht de beropsfeart minder om te farren en kin der besparre wurde op stookkosten. Boatkaartsjen soene dan mooglik ek goedkeaper kinne.