Boatplak Nijetrine kostet jild

26 sep 2007 - 11:45

Boatsjeminsken dy't oernachtsje wolle op it rekreaasje-eilân by de Driewegsluis by Nijetrine moatte dêr tenei foar betelje. Op it eilân wurde nije foarsjennings oanlein en dat kostet jild.

It eilân wie earder fan rekreaasjeskip De Marrekrite. Dy biedt inkeld fergese lisplakken oan. Dêrom hat de gemeente Weststellingwerf it eilân no oankocht. Mooglik sil dy it behear ûnderbringe yn in stichting.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)