Ljouwert hâldt 9 miljoen oer

26 sep 2007 - 10:52

Ljouwert ferwachtet dit jier 9 miljoen euro oer te hâlden op 'e begrutting. Dat docht bliken út in rapportaazje fan de gemeente. It jild bliuwt oer om't minder minsken in bystânsútkearing krije. Ek hawwe mear bedriuwen ynvestearre yn 'e gemeente.

De helte fan it jild wurdt brûkt om de begrutting fan takom jier slutend te krijen. De oare helte giet nei alle gedachten nei de algemiene reserve.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)