Stroom opwekke út GFT-ôffal

26 sep 2007 - 10:14

Ljouwert docht ûndersyk nei in fergistingsynstallaasje foar it opwekken fan enerzjy. Dat sei wethâlder Bleize op in diskusjejûn oer de takomst fan 'e stêd. De gemeente wol de kommende jierren ynsette op duorsemens.

De ynstallaasje kin GFT-ôffal fan boargers omsette yn enerzjy. Yn Sweden is ek sa'n ynstallaasje. In delegaasje fan 'e gemeente hat besjoen hoe't it dêr wurket.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)