Rêchsekje Taal útrikt

25 sep 2007 - 17:31

In rêchsekje om it meartalich grutbringen fan bern te stimulearjen. Yn Menaam ha twa jonge âlders tiisdei sa'n saneamd Rêchsekje Taal krigen. Yn it taaltaske sit neist Fryske boekjes, in knuffelbearke en in slabke, ek ynformaasje oer it meartalich opfieden.

Oan dit projekt dogge 22 Fryske gemeenten mei. Dy gemeenten diele it taaltaske út oan alle minsken dy't heit of mem wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)