Oerlêst yn SW-hoeke troch wurk

25 sep 2007 - 15:24

De grutte wurksumheden oan ferskate diken yn de súdwesthoeke soargje foar in soad oerlêst foar bewenners en bedriuwen yn it gebiet. Sa wurdt der wurke oan de rûnwei fan Snits, der wurdt in brêge ferfongen en ferhege en in akwadukt oanlein.

By de Hommerts binne se drok dwaande mei it oanlizzen fan in rotonde. Dy rotonde is der kommen op oantrunen fan de ynwenners fan it doarp.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)