Noarden wol mear kultuerjild

25 sep 2007 - 13:38

It ryk moat folle mear jild beskikber stelle foar de kultuer yn Noard Nederlân. Dat sizze de wurkjouwers fan VNO-NCW. Tiisdei waard yn Den Haach oer de ferdieling fan de kultuerfûnsen praat en neffens VNO-NCW is dy ferdieling al jierren ferkeard. Mar 3 persint fan it jild, sa'n 16 miljoen euro, komt yn Noard-Nederlân telâne.

It grutste part, goed 75 persint, is foar de rânestêd. Haerkens fan VNO-NCW hopet op mear jild foar it Noarden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)