Fryske sylsters op stoom

© Omrop Fryslân
De sylsters Petronella de Jong van Sint Jabik en Marije Faber fan Snits binne troch goeie resultaten op de twadde dei fan it EK Ynling yn Dútslân nei it fyfde plak klommen. Ek Brechtje van der Werf fan Snits en Marije Kampen fan Starum dogge it mei harren boat goed. Sy steane nei twa dagen njoggende.
De tredde Nederlanske boat dêr 't gjin Friezen yn sitte stiet op it twadde plak. It EK duorret oant en mei freed.