Skorsing 2 spilers Cambuur

Jeroen Ketting
Cambuur-spits Jeroen Ketting hat trije wedstriden skorsing krigen, wêrfan ien ûnder betingst, foar syn reade kaart yn de wedstriid tsjin Eindhoven ôfrûne freed. Ketting makke in slaande beweging nei syn tsjinstanner Leon Ramos, neidat dy him in kopstjit jûn hie. Ramos is 4 wedstriden skorst.
Ek René vd Weij fan Cambuur krige yn de wedstriid tsjin Eindhoven in reade kaart. Hy hat in skorsing krigen fan 3 wedstriden en ien ûnder betingst.