Dieven mei kappersmes ferjage

25 sep 2007 - 10:07

De plysje siket tsjûgen fan in oerfal moandei op de Weaze yn Ljouwert. In famke fan 17 út Sint Anne waard troch twa manlju mei in mes bedrige. Se easken jild. Se sei dat se dat út har tas pakke soe, mar pakte ynstee dêrfan in kappersmes. Ien fan de twa manlju waard dêrtroch rekke doe't it famke besocht har los te wrotten.

De oerfallers binne doe útnaaid. De plysje freget minsken dy't wat sjoen ha oft se har melde wolle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)