Showwrâld yn Makkingea

24 sep 2007 - 21:02

Makkingea wie moandei efkes it haadplak fan de Nederlânske showwrâld.

Oer de reade loper foar restaurant ´De_Smaeck_fan_Spa´ kamen ûnder oaren Imca_Marina, Sven Kramer, Syb_van_der_Ploeg en Doutzen_Kroes. De bekende Friezen en bekende Nederlanners wiene te gast yn it restaurant foar in diner foar it goeie doel fan Rondetafel Ooststellingwerf. Sa´n 68 oare gasten moasten 150 euro betelje om oan te skowen by de stjerren.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)