Ynteresse foar Spinder

24 sep 2007 - 15:08

Fiif bedriuwen ha belangstelling foar Spinder Products fan De Harkema. Fjouwer ûndernimmings wolle parten oernimme en ien hat ynteresse foar it folsleine bedriuw. Dat hat bewâldfierder Tuinman moandei befêstige. Hy hopet oer in wike mear fertelle te kinnen oer in oername.

De rjochter hat Spinder Products moandei fallyt ferklearre. It bedriuw hie in goeie oarderportefeuille, mar koe allinnich mei ferlies wurkje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)