Lauwersmargebiet oanpast

© Omrop Fryslân
It Lauwersmargebiet wurdt geskikter makke foar minsken yn in rolstoel. Twa fûgelsjochhutten binne tagonklik makke foar minderfalide fûgelaars en foar fiskers wurdt in rolstoelfreonlike fisksteiger oanlein.
Ek twa kuierrûtes wurde foar rolstuollen geskikt makke. Omdat net alle rolstuollen geskikt binne foar in tocht troch it natoergebiet, binne by Suderoogh en restaurant it Boze Wiif spesjale terreinrolstuollen te lien.