'Sirkus net goed foar tigers'

24 sep 2007 - 11:32

It steatssirkus van Moskou-Holiday dat freed nei Boalsert komt, past net goed op de fjouwer Bengaalske tigers dy't yn it sirkus meidogge. Dat seit de organisaasje Wilde Dieren de Tent Uit.

De bisten soene te min romte ha om te bewegen en gjin gelegenheid om te boartsjen en te swimmen. Tigers passe net yn in reizigjend bedriuw as in sirkus, fynt de organisaasje fan bistebeskermers.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)