A7 stremd nei ûngelok

24 sep 2007 - 11:02

De A7 tusken Drachten en Hearrenfean hat moandeitemoarn trije oeren stremd west fanwege in ûngelok. It gie om it stik tusken de ôfrit Beetstersweach en de ôfrit Tsjalbert.

In frachtwein botste ter hichte fan Lukswâld op in file, dy't dêr stie fanwege in oar ûngelok. De wein rekke meardere auto's en kaam dwers op de dyk te stean. By de beide ûngelokken rekken twa minsken lichtferwûne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)