De Jong stoppet mei silen

24 sep 2007 - 10:28

Sylster Petronella de Jong fan Sint Jabik hâldt op mei har sportkarriêre. Op dit stuit sylt se noch op it EK yn Dútslân. Dat is har lêste wedstriid yn de yngling-klasse op it heechte nivo.

De Jong (37) wie fan doel om goud te winnen op de Olympyske Spelen fan 2008. Se gong de striid oan mei acht oare sylsters foar dielname oan de Spelen. Omdat de prestaasjes tsjinfoelen en it sylnocht minder waard, set De Jong der in punt efter.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)