Dronken man rydt tún yn

© Omrop Fryslân
Yn Noardwâlde is sneintejûn in man mei drank op in tún oan de Hoofdstraat ynriden. Dêrnei is de man útnaaid. De eigner fan de tún hie de auto lykwols syn hiem opriden kommen sjoen en it kenteken opskreaun.
In 35-jierrige man út Noardwâlde wie de eigner, sa die bliken, en syn auto hie skea. De bestjoerder hie tefolle dronken. De man syn riidbewiis is ynnommen.