Motorrydster ferwûne

© Omrop Fryslân
In 46-jierrige frou út De Gordyk is snein ferwûne rekke by in motorûngelok op de Kúnder. De frou ride op de motor oer de Worstdyk en kaam in groepke oare motorriders tsjin.
De motorrydster wykte út nei rjochts omdat de groep nei har sizzen midden op de dyk ride, mar kaam doe yn de berm te fallen. Se is mei ferwûnings oan it boppeliif nei it sikehûs op It Hearrenfean brocht.