Friezen 3e by llargues op EK
By it EK keatsen yn it Belgyske Nijvel is de Fryske ploech tredde wurden yn de wichtichste spulsoart, it llargues. De Friezen ferlearen nei ferwachting fan België en Spanje, mar wûnen fan Italië en Frankryk.
Yn it Europeesk spul is de Fryske ploech twadde wurden. By it muorrekeatsen einigen se as fjirde.