Brânstifting dowehok Boalsert

23 sep 2007 - 13:43

De plysje is op syk nei de dieders fan in brânstifting yn in dowehok achter in wenning oan de Mariënpoort yn Boalsert. In tsjûge hearde sneontenacht om in oer as fjouwer glêsgerinkel en jongeren yn de steech achter de wenning. Dy naaiden gau út.

De tsjûge seach dêrnei dat it dowehok yn de brân stie. De brânwacht hat it fjoer útmakke. De plysje hat de omjouwing ôfset om't der asbest frijkaam wie. De plysje docht ûndersyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)