Mishanneling yn Snits

23 sep 2007 - 13:28

In 21-jierrige man út Snits is sneontenacht oppakt foar mishanneling. Hy hie mei noch in oar spul krigen mei in 17-jierrige Snitser. It slachtoffer waard troch de beide manlju skopt, ûnder oare tsjin de holle.

De jonge moast nei it sikehûs. Op oanwizing fan tsjûgen koe de plysje ien fan beide fertochten oanhâlde. Hy sit noch fêst. De oare koe ûntkomme, mar de plysje wyt wa't er is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)