Slaanderij yn Ljouwert

© Omrop Fryslân
De plysje hat sneontenacht trije Ljouwerters fan 21, 23 en 24 jier oanholden foar slaanderij. De 23-jierrige hie op de Iewâl spul krigen mei twa jonges en twa famkes. Hy naaide út op syn fyts en rôp dat er mei in ploech werom komme soe.
In pear minuten letter hie er acht oaren by him. Sy skopten en sloegen de beide jonges en ien fan de twa famkes. Dêrnei naaiden se út. De plysje koe se letter yn in wenning oanhâlde.