'Formulierebrigade Ljouwert'

© Omrop Fryslân
Ljouwert moat in 'formulierebrigade' krije om de earmoed te bestriden. Dat fynt de PvdA-fraksje yn dy gemeente. In formulierebrigade helpt minima mei regelingen om bygelyks jild werom te krijen. No meitsje minsken yn de bystân net genôch gebrûk fan de regelingen, om't se net op de hichte binne of om't se it te dreech fine.
De meiwurkers fan de formulierebrigade ha in fiskale of finansjele achtergrûn.