'Fytspaad lâns it Leechlân'

© Omrop Fryslân
Op it Leechlân, de dyk fan Warten nei Grou, ride minsken hieltyd hurder. Gemiddeld ride minsken 26 km yn de oere te hurd. Dat docht bliken út ûndersyk fan 3VO yn opdracht fan de wurkgroep 'Fytspaad Leechlân'.
Op de dyk mei 80 km yn de oere riden wurde. Om't de omwenners benaud binne foar de feiligens fan har nei skoalle fytsende bern trune se al skoften oan op de oanlis fan in fytspaad. De ried fan Boarnsterhim leit noch dwers.