MM-trofee foar Theo Brouwer

22 sep 2007 - 22:38

De Muzyk Maskelyn-trofee is sneon útrikt oan Theo Brouwer út Grins troch Rein Tolsma fan Omrop Fryslân. Dizze trofee, neamd nei it radioprogramma foar de amateurmuzyk, wurdt útrikt oan immen dy't him of har fertsjinstlik makket of makke hat foar de muzykbeoefening yn Fryslân.

Theo Brouwer is trompettist fan hûs út. Hy hat studearre oan de Ljouwerter MPA en letter oan it Konservatorium fan Grins.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)