Betinking dea Manuel Fetter

22 sep 2007 - 16:48
  • VVD-riedslid Wyb Feddema spruts op 'e betinking tsjin geweld
  • It Manuel Fetter-bankje wurdt brûkt troch winkeljend publyk

Yn Ljouwert is sneon de dea fan Manuel Fetter betocht. Dizze moanne trije jier lyn waard hy yn Ljouwert deastutsen neidat er by it stappen in opmerking makke oer in stikkengoaid bierfleske.

De betinking wie in inisjatyf fan 'e Jongeren Advys Rie. It is dizze wike ek de nasjonale wike tsjin sinleas geweld. Sa'n 50 minsken stiene by it Fettermonumint op it Waachplein stil by de dea fan Fetter.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)