Achterfolge springt yn sleat

22 sep 2007 - 13:36

In bromfytser út Balk is freedtenacht by in achterfolging by Wikel yn 'e sleat sprongen. De plysje siet achter him oan omdat er sûnder helm en ljocht ried. De man reagearre net op stoptekens en doe die de plysje it blauwe swaailjocht oan.

Op in stuit krûpte de jongeman achter in bestelbus. Doe't er fernaam dat de plysje deroan kaam, naaide er út en sprong yn 'e sleat. Bliken die dat er te folle dronken hie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)