Wapenstôk tsjin lestige jeugd

22 sep 2007 - 13:16

By in sjarzje yn Surhústerfean hat de plysje de wapenstôk brûkt om de rêst te herstellen. In groep balstjurrige jongeren soarge freedtenacht foar opskuor by in hoarekabedriuw oan de Grinzerstrjitte. Se sloegen op de ruten.

Doe't de plysje harren frege fuort te gean, waarden se noch ferfelender. De wapenstôk moast der doe oan te pas komme. In jonge (18) út De Pein is oppakt om't er nei in plysje sloech.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)