Postbussen fernield

Ien fan 'e fernielde postbussen
Trije postbussen yn Ljouwert binne freedtenacht fernield. Se stiene op de Huzumerleane, de Ruysdaelstrjitte en de hoeke Gerard Terborchstrjitte- Ferlingde Skrâns. Ut de bus oan de Huzumerleane wie ek post meinommen, mar dat is letter weromfûn by dy oan de Ruysdaelstrjitte. Mooglik mist der noch wol post.
De plysje hat in ûndersyk ynsteld nei de fernielers. Se binne sjoen troch tsjûgen.