Fytser ûnder frachtwein

21 sep 2007 - 21:53
  • Helptjinsten yn aksje op 'e Jouster Kade yn Snits (foto: Jan Douwe Gorter)

Yn Snits is freedtemiddei in 86-jierrige man út Skearnegoutum slim ferwûne rekke doe't hy ûnder in frachtwein kaam. De frachtwein stie stil foar it stopljocht op de hoeke Ljouwerterdyk en Jousterkade om linksôf te slaan. It slachtoffer stie neist de frachtwein en doe't dy opluts is hy ûnder de tsjillen rekke.

De man is mei ferwûnings oan holle en earmen mei de traumahelikopter nei it sikehús brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)