Himpkwekerij Ljouwert oprôle

© Omrop Fryslân
De plysje hat freedtemiddei yn in loads oan de Neptunuswei yn Ljouwert in himpplantaazje mei in 2670 planten oprôle. De plysje kaam de kwekerij op it spoar nei klachten oer stank.
De kwekerij hat der nei alle gedachten al in moai skoftke sitten, omdat in heal jier ferlyn de plysje der ek alris sjoen hat nei't der klage wie oer stank. Doe koe de plysje lykwols neat frjemds fine. No waard dêr de himpkwekerij oantroffen.