Frysk Wrâldkampioen Origami

21 sep 2007 - 16:59
  • Manna Ori dwaande mei syn kraanfûgels

Fryslân hat sûnt freed de nije wrâldkampioen Origami. De Ljouwerter keunstner Manna Ori ferbettere it rekord fan'e Japanner Akie Morita. Dat ûnder it motto: fouwe foar de frede.

Hûndert kraanfûgels teare yn 1 oere, 33 minuten en 30 sekonden. Dat wie it rekord dat yn Ljouwert ferbettere wurde moast. Ori ferwachtet wol dat de Japanners no wer besykje sille syn rekord te ferbetterjen. Mar hy sil wol dan twatûzen kraanfûgels teare.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)