Alves en H'fean noch net iens

21 sep 2007 - 16:40

Afonso Alves en de direksje fan Hearrenfean ha freed in earste petear hân. Yn dat petear is ôfpraat dat Alves foarearst yndividueel traint. Alves hat op 'e nij oanjûn dat er wol wer fuotbalje wol, mar Yme Kuiper wol earst noch in kear mei Alves prate.

Dat twadde petear is nei de wedstriid tsjin Utrecht op snein of moandei. Der is tefolle bard om Alves al gelyk mei de groep meitraine te litten, sa is Kuiper fan betinken.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)