Bom fûn by baggerjen yn Snits

De bom dy't by't baggerjen fûn waard
By baggerwurksumheden yn Snits is freed in bom fûn. Der wurdt op 't heden wurke oan it útbaggerjen fan it wetter by de Wetterpoarte.
De granaat-mortier is tusken it oare slyk ôffierd nei it akwadukt by de Houkesleat. Doe pas waard de bom sjoen en is de plysje warskôge. Mei help fan de plysje is de bom doe oan kant lein. De eksplosiven oprommingstsjinst sil de saak ûndersykje. It baggerwurk leit no stil.