Antoniussikehûs yn Emmeloord
It Antoniussikehûs Snits iepenet mids oktober in festiging yn Emmeloord. Fryske spesjalisten sille dêr pasjinten út de polder en fan Urk behannelje. Yn Emmeloord is ek al in sikehûs, it Iselmarsikehûs. It Antoniussikehûs hat oerlein oer gearwuking, mar dat is neat wurden.
It Antonius Emmeloord bliuwt dus in selsstannige klinyk. In soad ynwenners fan 'e polder binne ûntefreden oer de soarch yn it Iselmarsikehûs.