Grien ljocht Polderhoofdkanaal

21 sep 2007 - 11:28

It befarber meitsjen fan it Polderhoofdkanaal kin trochgean. It ministearje fan LNV hat dêrfoar in ûntheffing ferliend oan 'e provinsje. Dy ûntheffing is jûn yn it ramt fan de Floara- en Faunawet.

Deputearre Andriesen is bliid mei de ûntheffing. Dêrmei jout it Ryk oan dat de provinsje genôch maatregels nommen hat foar de seldsume bisten yn it gebiet. Sa wurde der ûnder oare aparte sleatten groeven.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)