Ferkearskontrôle op Wâldwei

© Omrop Fryslân
By in grutte ferkearskontrôle op de Wâldwei by Drachten hat de plysje in autobestjoerder oanhâlden dy't noch 68.000 euro oan boetes iepenstean hie. Der waarden ek oare minsken oanhâlden dy't noch boetes betelje moasten.
Fierder waard in man betrape dy't sûnder rydbewiis yn in stellen auto ried. Mei elkoar waarden goed tûzen auto's kontrolearre. Hast hûndert bestjoerders krigen in bon.