Surseânse frege foar Spinder

21 sep 2007 - 10:28
  • Bewâldfierder ûndersiket takomst

Spinder Produkts op De Harkema hat tongersdei surseânse fan beteljen oanfrege by de rjochtbank yn Ljouwert. Pieter Tuinman fan it Ljouwerter advokatekantoar De Haan-Tuinman- Sleijfer is oansteld as bewâldfierder.

Tuinman sil yn de kommende wiken útsykje oft der noch in takomst is foar it bedriuw. Dêrfoar sil ûnder oaren praat wurde mei de skuldeaskers. As dêr neat út komt, sil it fallissemint oanfrege wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)