Te min jild foar Fryske mûnen

© Omrop Fryslân
De Stifting Fryske Moune hat grutte muoite mei de nije subsydzjeregels fan it ryk foar restauraasjes. Troch de nije regels, dy't goed in jier lyn ynfierd binne, kin in restauraasje fan ûnder de 300 tûzen euro eins net mear op in fergoeding rekkenje.
En dat wylst de measte restauraasjes dy't de stifting útfiert, útkomme op 200 oant 250 tûzen euro. Dat binne dan al de gruttere restauraasjes.