'Pink Floyd' by Wetterpoarte

Inkelde tûzenen minsken stiene tongersdeitejûn oan 'e kant fan it wetter by de Wetterpoarte yn Snits foar in konsert fan 'Pink Floyd'. Net samar Pink Floyd, mar in klassyk konsert mei it Noard-Nederlânsk Orkest en sjonger Bert Heerink.
It symfoanysk konsert makke diel út fan it kulturele evenemint Sneker Simmer. It optreden fûn plak op in grut poadium op in driuwend ponton.